Opjeftes teatsen begjinne binnen te stromen!

Fia alle kanalen komme de opjeftes foar it pearke teatsen binnen op dit moment. Minsken sjoche flyers, posters, berichten op Twitter, Facebook en úse side. Ek 'mond-op-mond-reclame' docht wonderen. Sa steane der no al 15 petoeren op de list. We ha noch in moanne de tiid, dus it kinne noch folle mear wurde. Jou jim dus gau op, dan meitsje we der in moaie dei fan!

Geplaatst op 11 June 2012